Account
Logo
Zoeken
12.2 °C

Robin Hood & Ik

JISTRUM - Nei 2 jier lang gjin foarstelling fan ùs hawn te hawwen, troch corona, meie wy dit jier wer foar jo optrede. Jo begrype wol dat nei sa folle tyd fan oefenjen dit stik net ferkeard op de planken komt te stean. In bysonder jier ek foar ùs, omdat de ferieniging 50 jier bestjit! 🥳

It stik dat spyle wurdt, giet noch fierder werom yn’e tiid en ek wer net. Robin Hood falt troch in lang, lange, hiel lange tunnel en belannet hjir yn it Jistrumer bosk. Hy sjocht him hjir de eagen ùt en komt allegear moderne saken tsjin.

Yn ien ding bliuwt Robin Hood himsels en dat is opkomme foar de poeren. Mei syn grutte freon striide sy foar jim Jistrumers dy't poer binne! 💪

Mar de boargemaster en syn oanhangsel Seike Poepjes dogge er fansels alles oan om der in stokje foar te stekken. Sy wolle nammentlik Jistrum ùtroege foar in bettere ekonomy.💰

It draait by de boargemaster mar op ien ding en dat is JILD! Ryk wurde troch in skat te finen is fansels dan ek wol sa handich om jo plannen ùt te fieren.

Wa wint de striid om it goud? De earmen as de riken? Wa fynt it goud it earst?

Binne jo ek nijskjirich wurden wa’t der wint? Kom dan nei de foarstelling ta op 17, 18, 24 en 25 maart. (25 maart is doarpsjûn)

P.S: As jo tegearre mei ùs klinke wolle op us 50 jierig bestean, dan kin dat troch in jubileum edysje wyn by ùs te keapjen foar mar €7,50.🍾🍷

Keapje kin tidens de foarferkeap, by de yngong fan de foarstelling en oars efkes de facebookpagina fan de snieskeppers benaderje.

Kaarten kinne jo krije yn’e foarferkeap foar €6,-. De foarferkeap is op 3 en 10 maart tusken 20 en 22 oere. Kaarten oan’e kassa kostje €7,50.

Dit jier hawwe wy nei de foarstellings op 17 en 24 maart DJ Mark💃🕺 en op 18 maart it Duo Melody. 🥳 Sa fiere wy dit jubileumjier dansjende wei en mei in prutte freugde. De doarpsjûn is op 25 maart.

Oan`t dan!👋

De Snieskeppers

Waar:Phoenix
Plaats:Jistrum
Datum:24-03-2023
Aanvang:20.00 uur
 

De Snieskeppers

Jistrum