Account
Logo
Zoeken
12.8 °C
Read 'wurdeboekske' foar Hollânsktalige wethâlder

Read 'wurdeboekske' foar Hollânsktalige wethâlder

do 17 december 2020, 10.00 uur

DRACHTEN - De leden fan it sakekolleezje en de measte riedsleden fan de gemeente Smellingerlân kinne dochs wol in mûltsje fol Frysk prate, mar "in het huis", lykas as se it gemeentehûs yn Drachten neame, prate se likernôch meastentiids de earste rykstaal, it Nederlânsk. As se dan ris in wurdsje Frysk der tuskentroch goaie, dan falt soks op. Wêrom as se net gewoan harren memmetaal prate, is in fraach dy't se harren sels noch net steld hawwe.

Wethâlder Felix van Beek, die o sa geef Nederlânsk prate kin, is tiisdeitejûn op 'e wei holpen troch de Eérste Lokale Partij yn Smellingerlân. De fraksje hat him in wurdboekje jûn wêrmei hy syn Fryske ferbetterje kin. Wat die bliken? De wethâlder hat dat boekje hielendal net nedich. Yn geef Frysk begûn Van Beek oan it beantwurdzjen fan riedsfragen.

"Tankewol foarsitter. Ik haw yn it skoft stipe hân fan de ELP mei in read wurdeboekske om te prebearjen my yn it Frysk sprekke te litten, mar dat kin ik net sa goed dat ik antwurd jaan kin yn it Frysk. Mar ik sil it boekje wis gebrûke. Tankewol dêrfoar." In lyts applaus fan de oanwêzigen wie syn beleaning. Mar Van Beek haste him om te sizzen dat it by dy pear sinnen foarearst ek bliuwt. "In het Nederlands voel ik me iets safer op dit moment en sterker." En dêrnei liet er de twadde rykstaal foar wat dy is en pakte hy de trie yn de earste rykstaal wer op.

 

Heb je een tip? WhatsApp!
Stuur je bericht, foto of video via:
+31638400733 of via de tiplijn

Meer nieuws





regionaal nieuws

Dodenherdenking in Drogeham

Dodenherdenking in Drogeham


regionaal nieuws

Dodenherdenking bij kruiskerk in Burgum

Dodenherdenking bij kruiskerk in Burgum


regionaal nieuws

Jaarlijkse Dodenherdenking Soensterdijk

Jaarlijkse Dodenherdenking Soensterdijk




regionaal nieuws

Inbraak bij Kapsalon Promise in Drachten

Inbraak bij Kapsalon Promise in Drachten