Literêr sirkwy yn kafee Marktzicht
DRACHTEN -
Fan 26 febrewaris oant 12 maart 2006 is der wer in Literêr Sirkwy: sa'n tritich skriuwers, dichters en performers dy't op seis poadia ferspraat oer Fryslân harren wurk oan it publyk bringe. Sneon 4 maart wie it raak yn kafee Marktzicht yn Drachten. Bouke van der Hem, Piter Boersma, Yva Hokwerda, Jacobus Q. Smink, Hein Jaap Hilarides, Wobbe Atsma, Nyk de Vries en Jetske Bilker droegen foar út eigen wurk. Mei it iepen poadium joech it Skriuwersboun dêrneist romte oan oare skriuwers en/of dichters om harren wurk foar te lêzen. De muzikale meiwurking kaam dizze kear fan it trio Intolerant mei Remco Kuiper, Marc Kooij en Ronnie Porte.
It Literêr Sirkwy is in inisjatyf fan It skriuwersboun om skriuwers en dichters mear gelegenheid te beiden harren sels te presintearjen. It inisjatyf is berne út it ferlet om foar de Fryske literatoaren mear poadia te kreëarjen. De literêre programma's binne breed fan opset: sawol proaza as poëzij en oare performances kamen oan bod. De organisaasje en presintaasje wie yn hannen fan Sytse Jansma en Sito Wijngaarden.
Foar mear ynformaasje: www.literersirkwy.nl
Regionaal nieuws

3 inbraken
4 inbraken
18.30 - nieuws | Marrum krijgt jeu-de-boulesbaa...
12.47 - nieuws | Lamborghini in beslag genomen ...
12.45 - nieuws | Burdaard krijgt wandelpad lang...
12.23 - nieuws | Motorrijder gewond na val op k...






Spijkerpakkenband wint op Vlaams Open

Vrouw uit Kollumerland bekladt politieauto
Burgemeesterspaal heeft nieuwe plek

Gast drinkt stiekem wijn van bed&breakfast op
Vermiste Drachtster (30) terecht

Auto volledig uitgebrand in Burgum

Auto ramt lantaarnpaal bij Opende

Officier: oplichtster Harkema is berekenend
Parkeerplek in Kootstertille geopend

Politie redt klein eendje uit rioolput


Of speel iets anders op WâldNet Games.