HOOGWERKERS EN NAAISTERS GEZOCHT
donderdag 07 april 2005 Burgum
 

It Burgumer Iepenloftspul is útein set mei harren rippetysjes binnendoar. 24, 25, 29 juny en 1 en 2 july sil yn it Iepenloftteater efter De Pleats it stik Puntila Fan de Dútske skriuwer Bertolt Brecht spile wurde. De Fryske bewurking is yn hannen fan Tryntsje van der Zee en Anny Veenstra. Dizze lêste hat ek de regy yn hannen.

Meikoarten wurdt ek útein set mei it bouwen fan it dekor en it naaien fan alle toaniel kostúms. Dêr is noch wol wat help foar nedich. Spilers èn alle oare meiwurkers soargje elts jier wer mei- inoar foar in hiel moai gehiel! Minsken dy’t noch wat tiid oer ha kinne ynformaasje opfreegje op (0511)474983. Foar de dekorbouwers wurdt foaral socht nei minsken dy’t de hichte yn doare.

 

© S. Peterson