It Fryske liet de grinzen oer yn Lawei
DRACHTEN - De 21 nije Fryske lieten fan It Fryske Liet giene
snein de grinzen oer. It jouwt fernijende, frisse
mooglikheden foar koaren, bigbands, brassbands en
fanfares. It programma lit ek sjen wat foar
fariaasjes der binne om sang en blaasmuzyk te
kombinearjen.
De lieten en de muzyk binne fan de hân fan Hans
Boschma út Feanwâlden. Klaas Bruinsma, Simy
Sevenster en Sonja Villalaba stean foar de
úteinlikse teksten yn it Frysk, Dútsk, Ingelsk en
Spaansk.
De arranzjeminten binne fan John Eskes, Hans
Boschma, Willem Aukema en fan Femke Weidema en
Douwe van der Meulen. Der is in grut ferskaat oan
muzykfoarmen brûkt. Sa binne der blues, ballades,
caribbean music, tango’s, disconûmers en sels in
unyk hiphopnûmer.
Fan it gehiel is in koarboek makke en foar de
fanfares, bigbands en brassbands is der ek in
muzykmap mei partituren, losse partijen en
sangteksten beskikber. It koarboek wurdt dy
middeis offisjeel presintearre. It projekt is mei
mooglik makke troch jildlike stipe fan de
Provinsje Fryslân.
Heb je een tip? WhatsApp!
Stuur je bericht, foto of video via:
0638400733 of via de tiplijn