Account
Logo
Zoeken
6.7 °C
Foto: Geert Huisman

Toanielferiening Vriendenkring Twizel

wo 17 februari 2016, 22.00 uur

TWIJZEL - Toanielferiening Vriendenkring Twizel

Spilet op: saterdei 20 febrewaris
freed 26 febrewaris
saterdei 27 febrewaris om 20.00 oere yn’e Bining

DE Potfisk
Fan F. Houtappels
Fryske bewurking fan Sj. Wiersma

Koarte ynhâld fan disse komeedzje:

"De Potfisk" is in komeedzje en giet oer twa susters, Mia en Roas en harren mem, Ingrid Visser. De beide susters binne tige ferskillend fan aard. Fierders is der noch in freon, Walter v.d. Werff, dy't alderhande karweikes foar Ingrid docht. Hy is noch in âld skoalfreon fan Mia en Roas. As Roas thús komt út Bangkok, omdat heit ferstoan is, lit Mia har witte dat mem begjint te demintearjen en dat it sa net langer mear kin.

Nei heit syn kremaasje, wit mem net wêr’t heit útstruit wurde moat. Se wienen trout, dat wol, mar dêr wie ek alles mei sein. Mem wol fuort, oare omjouwing, se wol reizgje. Se giet nei Bangkok, nei Roas en nimt de urn mei. As mem yn Bangkok in oaljefant keapje wol en letter in oanspielde potfisk wer werom de see yntriuwe wol, begripe de beide susters dat it nei alle gedachten net goed komt mei mem.


Rolbesetting:
Ingrid Visser (mem) Geeske Dijkstra
Mia (dochter) Antina Bakker
Roas (dochter) Harmke Groenhof
Walter v.d. Werff (freon) Johannes Stienstra
Lûd en ljocht Henk v.Wieren
Ynstekster Betty van der Velde
Dekorbau/oanklaaing mei inoar
Grime Hilly Pander
Rezjy Onne Nicolai

Saterdei 27 febrewaris is der nei ôfrin muzyk

FOTONIEUWS


 

Heb je een tip? WhatsApp!
Stuur je bericht, foto of video via:
+31638400733 of via de tiplijn

Meer nieuws



regionaal nieuws

Zorgen leefruimte Gomarus College bij ChristenUnie

Zorgen leefruimte Gomarus College bij ChristenUnie


regionaal nieuws

Vrachtwagen raakt in de berm langs N381

Vrachtwagen raakt in de berm langs N381



regionaal nieuws

Dokkumer (60): 'Ik wol myn rydbewiis net wer kwyt....'

Dokkumer (60): 'Ik wol myn rydbewiis net wer kwyt....'





regionaal nieuws

Sluisfabriek Drachten krijgt meer vrije hand

Sluisfabriek Drachten krijgt meer vrije hand