Account
Logo
Zoeken
5.1 °C
Hé buorman! fan Klún & Knoffelhakke
© Geurt P. Maassen van den Brink

Hé buorman! fan Klún & Knoffelhakke

wo 18 september 2013, 16.55 uur

EASTRUM - Jo kinne dat wol. In buert fol gesellige minsken. Oh sa meiinoar... Buertjûnen, barbeques, doarpsfeesten en gean sa mar troch. Wat kin it noflik wenjen wêze op sa'n buert. Mar is it altiten wol sa gesellich? Klaas en Jehannes libje njonken elkoar. As is it achterelkoar? Bytiden witte se it sels net iens, want harren libben bestiet út it tsjin elkoar harsenskrabjen oer fan alles en noch wat. As der dan ek noch in nuveraardich persoan delstrykt yn harren buertsje, dan is it feest hielendal kompleet... No ja, feest?

Dit, en fansels noch folle mear, binne de yngrediinten fan de sânde sjo "Hé buorman!" fan it Hantumer teaterduo Klún & Knoffelhakke. Al sa'n 20 jier is it duo op ‘n paad om de minsken yn Fryslân te fermeitsjen en oeral dêr’t se komme witte se de fleur deryn te hâlden. Ek mei dit nije programma sil dat fêst wer slagje, want dat is it duo harren doel: de minsken in noflike jûn besoargje. Lekker laitsje...
It bysûndere oan dizze sjo is, dat op ien ferske nei, de muzyk fan de ferskes spesjaal foar Klún & Knoffelhakke komponearre is.

Op sneon 28 septimber 2013 giet it programma Hé buorman! yn premiêre. De premiêre wurdt hâlden yn it Bowling en Sealesintrum oan de Tichelwei yn Dokkum. De muzyk wurdt dizze jûn fersoarge troch the Party Inspiration.
Elk is wolkom by dizze fleurige premiêre. Kaarten kinne fia de ynternetside fan it duo besteld wurde: www.klun-knoffelhakke.nl

 

Heb je een tip? WhatsApp!
Stuur je bericht, foto of video via:
+31638400733 of via de tiplijn

Meer nieuws




regionaal nieuws

Vrachtwagen raakt in de berm langs N381

Vrachtwagen raakt in de berm langs N381



regionaal nieuws

Dokkumer (60): 'Ik wol myn rydbewiis net wer kwyt....'

Dokkumer (60): 'Ik wol myn rydbewiis net wer kwyt....'





regionaal nieuws

Sluisfabriek Drachten krijgt meer vrije hand

Sluisfabriek Drachten krijgt meer vrije hand

Poll: Goede keuze of niet?

Ja  
26.3%
Nee  
55.6%
Maakt me niet uit  
18.1%
? aantal stemmen | login en stem ook mee!