Account
Logo
Zoeken
10.9 °C
© BD-Fotografie/Berend

Nij Beets leit de reade loper út

ma 10 juni 2013, 18.48 uur

NIJ BEETS - Foar de twadde kear yn ús bestean is de Stichting Iepenloftspul Opsterlân yn 2013 te gast by It Damshûs yn Nij Beets. Yn it ramt fan it 150-jierrich bestean fan it doarp Nij Beets bringe wy yn juny 2013 it iepenloftspul De Reade Loper.

It ferhaal
Kursisten fan in ynboargeringskursus komme nei Nij Beets foar in film oer it doarp yn de earme tiden fan de feanterij. De film is noch niet hielendal klear, it stûket hjir en dêr. Mar kursuslieder Veenstra skuort syn publyk op wûnderlike wize wol troch de jûn. De film ferhaalt fan de froulju yn it fean. Oer mem Ruerdsje en dochter Japke dy’t tegearre troch de tiid moatte. Mar ek oer har freondinne Margryt, dochter fan de Feanbaas. It liket yn Nij Beets te gean sa’t it altyd giet, mar sa is’t net. Guon minsken wolle feroaring. Mar hoe? Elk makket in eigen kar. Berêstend, de kop yn’t sân, op de barrikaden of kânsen dy’t delkomme gripend. De Reade Loper is in famyljefoarstelling mei humor foar jong en âld, mei nuvere bylden en fjemde lûden en inkele serieuze noaten.

De produksje
De Reade Loper is skreaun troch Sikke Marinus en Bouke Oldenhof. De regy fan De Reade Loper is yn hannen fan Jan Smit fan De Sweach. In regisseur mei namme yn it Fryske toaniel. Sa wie Smit yn 2012 regisseur by it Iepenloftspul yn Bantegea. Hy wûn dêr mei syn ploech minsken in Gouden Gurbe foar de foarmjouwing. Foar it dekôr is der ek dit jier in gearwurking mei ûntwerper Jaap Groen, dy’t al jierren by it Iepenloftspul Opsterlân belutsen is. Ek Jaap krige yn 2012 in Gouden Gurbe foar al syn wurk oan dekôrs foar meardere Iepenloftsspullen.

Spyldata: 11, 14, 15, 19, 21, 22, 25 en 28 juny yn it Feanmuseum fan Nij Beets.

FOTONIEUWS


 

Heb je een tip? WhatsApp!
Stuur je bericht, foto of video via:
+31638400733 of via de tiplijn

Meer nieuws



regionaal nieuws

SmelneFM koerst aan op samenwerking Opsterland

SmelneFM koerst aan op samenwerking Opsterland

regionaal nieuws

Gewonde bij botsing op Kolonieweg in Opende

Gewonde bij botsing op Kolonieweg in Opende

regionaal nieuws

Meisje mishandeld door man (24) na afwijzing flirt

Meisje mishandeld door man (24) na afwijzing flirt



kwijt / misdaad in je straat

Fiets gevonden in Buitenpost

Fiets gevonden in Buitenpost


regionaal nieuws

Fries zegeviert in hoger beroep bij gerechtshof

Fries zegeviert in hoger beroep bij gerechtshof


ondernemend nieuws

Frl Bewind jarig: 20 jaar!

Frl Bewind jarig: 20 jaar!