Account
Logo
Zoeken
7.1 °C
© BD-Fotografie/Berend

Iepenloftspul Opsterlân spilet Ronja

zo 1 juni 2008, 13.27 uur

HEMRIK - In moai rûch en ierdsk ferhaal. Sa omskriuwt regisseur Rieneke de Haan it stik Ronja de rôversdochter, dat de kommende wiken spile wurdt as iepenloftspul yn Opsterlân. It wurdt in prachtige famyljefoarstelling dêr’t jong en âld wille oan belibje kin. De première is op 7 juny.

De nacht dat Ronja op ’e wrâld komt, is in wylde nacht. It tongert en bliksemt omraak rûn de stins fan rôverhaadman Mattis, Ronja’s heit. De wylde heksen gûle en krite. It komt sels sa fier dat in tongerslach de stins midstwa brekt. Is dit in foarteken foar it libben dat Ronja wachtet? Ronja wurdt berne yn in húshâlding dy’t tahâldt op in berch wêr’t de rôvers fan Mattis skûlje, at se net op rôverspaad binne.

De famylje fan Ronja is lykwols net de ienichste rôversfamylje yn de omkriten. Der is ek noch dy oare famylje fan rôverhaadman Bjorka. Beide famyljes kinne net mei elkoar oerwei, de iene kin de oare foar de eagen net sjen. At Ronja wat âlder wurdt, lûkt se de wrâld yn. Sa komt se op in dei by tafal yn ’e kunde mei Bjirk, lid fan dy oare rôversfamylje.

Se witte eins net wat se oan elkoar ha. Oan de iene kant kinne se it goed mei elkoar fine. Mar oan de oare kant witte se ek dat se eins net mei elkoar omgean meie. Harren heiten haatsje elkoar ommers. It falt foar Ronja en Bjirk net ta, se sitte hieltyd yn twastriid. Kieze se foar elkoar of foar de haat fan harren beide heiten?

Sa as yn alle mearkes fan de bekinde skriuwer Astrid Lindgren sit ek it stik oer Ronja fol mei geasten fan de dize en wylde heksen. Ronja de rôversdochter is in famyljeproduksje wêr’t ek húshâldingen mei bern in prachtige jûn belibje.

Mei Ronja de rôversdochter slacht it Iepenloftspul Opsterlân in oar paad yn. Nei de wat swierdere foarstellingen dan de ôfrûne jierren, bringt Opsterlân dit jier in foarstelling foar jong en âld.

Ronja de rôversdochter is skreaun troch Astrid Lindgren. De oersetting is fan Jacobus Q. Smink, de bewurking en de musyk fan Peter Sijbenga. De regie is in hannen fan Rieneke de Haan.

Data: 5 , 7 (première), 10, 11, 14, 15, 18 en 20 juny. Oanfang: 21.00 oere (allinnich 14 juny om 23.00 oere). Plak: Iepenloftteater Sparjeburd yn Himrik. Kaartferkeap: De Skâns De Gordyk 0513 – 46 86 00 of info@iepenloft-opsterlan.nl. Sjoch foar mear ynformaasje op www.iepenloft- opsterlan.nl.

FOTONIEUWS


 

Heb je een tip? WhatsApp!
Stuur je bericht, foto of video via:
+31638400733 of via de tiplijn

Meer nieuws




kwijt / misdaad in je straat

Tijgertje vermist in Drachten

Tijgertje vermist in Drachten

regionaal nieuws

Aanhanger verliest lading glasplaten op N369

Aanhanger verliest lading glasplaten op N369




regionaal nieuws

Burenruzie in De Westereen loopt uit op vechtpartij

Burenruzie in De Westereen loopt uit op vechtpartij



regionaal nieuws

Automobilist (29) met teveel drank op botst op lantaarnpaal

Automobilist (29) met teveel drank op botst op lantaarnpaal

Poll: Wat vindt u van de overstap van Joran Jager?

Een verstandige keuze  
26.3%
Een slechte keuze. Hij had zijn partij en liberale principes trouw moeten blijven  
27%
Maakt niet uit, hij is er voor de inwoners  
18.2%
Geen mening  
28.5%
? aantal stemmen | login en stem ook mee!