Account
Logo
Zoeken
6.7 °C
Foto: Geert Huisman

Tesselschade speelt 'Yn de gloaria'

do 17 januari 2008, 17.11 uur

HURDEGARYP -

Dit winterskoft spilet Tesselschade “Yn de gloaria”, fan Alan Ayckbourn.

In stik oer twa troude stellen en ien mem.

Se fiere yn’e rin fan it stik allegear har jierdei.

Mar oft it allegear like feestlik is as de titel oanjout…?

Ayckbourn soe Ayckbourn net wêze as it ferhaal net in hiel oare draai krije soe as dat him yn’t earstoan oan sjen lit . Dizze Ingelse toanielskriuwer is ferneamd om syn ferrassende dialogen, syn werkenbere karakters en syn tema’s dy’t in breed publyk oansprekke; it binne stikken dy’t “ergens oer geane” en dy’t je in spegel foarhâlde ek al sjogge je der earder je buorlju yn as je eigen húshâlding.

It is net foar it earst dat Tesselschade in stik fan Ayckbourn kiest .It belooft dan ek in âlderwetse toanieljûn te wurden yn de Schalmei; mei in stik dêr’t om lake wurde kin mar

dêr ’t it laitsjen jin sa no en dan ek by fergean sil.

De spilers binne: Ike Sinnema, Hennie Veenstra, Jelke van der Molen, Stienie Boskma en Matty Dijk.

Anny Veenstra docht wer de regy.

Tryntsje van der Zee soarge foar in Fryske oersetting.

Spyldata:

sneon: 19 jan. 20.00 oere

freed: 25 en sneon 26 jan 20.00 oere

snein: 27 jan. 14.30 oere

freed: 1 en sneon 2 febr. 20.00 oere

FOTONIEUWS


 

Heb je een tip? WhatsApp!
Stuur je bericht, foto of video via:
+31638400733 of via de tiplijn

Meer nieuws




regionaal nieuws

Aanhanger verliest lading glasplaten op N369

Aanhanger verliest lading glasplaten op N369



regionaal nieuws

Burenruzie in De Westereen loopt uit op vechtpartij

Burenruzie in De Westereen loopt uit op vechtpartij


regionaal nieuws

Automobilist (29) met teveel drank op botst op lantaarnpaal

Automobilist (29) met teveel drank op botst op lantaarnpaal

Poll: Wat vindt u van de overstap van Joran Jager?

Een verstandige keuze  
26.4%
Een slechte keuze. Hij had zijn partij en liberale principes trouw moeten blijven  
27.2%
Maakt niet uit, hij is er voor de inwoners  
17.6%
Geen mening  
28.8%
? aantal stemmen | login en stem ook mee!