Account
Logo
Zoeken
9.3 °C
© BD-Fotografie/Berend

Repetysjes Iepenloft yn folle gong

ma 21 mei 2007, 18.43 uur

HEMRIK - De repetysjes foar it Iepenloftspul fan Opsterlân op 'e Himrik binne yn folle gong. Ôfrûne snein waard de hiele dei hurd wurke oan 'e puntsjes op de i. Kuierders en fytsers yn é bosk seagen nijsgjirrich op fan wat dér dochs allegear oan 'e hân wie.

It stik 'It Wûnder fan Weinterp' spilet yn de midsieuwen en begjint op it stuit dat it lân om de tsjerke fan Weinterp al slim sompich wurden is. Jitta, frou fán Pastoar Allardus ferwyt har man dat er te min docht om syn soan Edo útsjoch op in sinfol bestean as pastoar te bieden.

Op dat stuit moetet Edo de dochter fân in rike boer dy't ferstoarn is. Dochs wol Edo neat fan har witte en libbet foar syn boeken. As dieven de Seboarje stelle en de Hillige hostys yn in put smite, barre der wûnderbaarlike dingen op it tsjerkhôf fan Weinterp.

Hokker wûnders barre der en sil Edo falle foar de sjarmes van de rike boeredochter ?

Kom it sels sjen yn it smûke bosk-teater fan 'e Himrik. De Try-out wurdt spile op tiisdei 5 juni. De premiére hat plak op woansdei 6 juni. Fjirder wurdt der spile op: 8, 9, 12, 13, 15 en 16 Juni. Oanfang van eltse foarstelling is 21.00 oere. Kaarten binne te reservearjen op: info@iepenloft-opsterlan.nl of by Kultureel Sintrum De Skâns: 0513-468600

FOTONIEUWS


 

Heb je een tip? WhatsApp!
Stuur je bericht, foto of video via:
+31638400733 of via de tiplijn

Meer nieuws







ondernemend nieuws

Holland Casino trekt meer bezoekers in 2023

Holland Casino trekt meer bezoekers in 2023

Poll: Hoe vaak bezoek jij een casino?

Nooit, casino's hebben geen interesse voor mij  
67.6%
Een paar keer per jaar, voor een avondje uit  
0%
Maandelijks, ik vind het een leuke hobby  
5.9%
Ooit, 1 of 2 keer gedaan  
26.5%
? aantal stemmen | login en stem ook mee!

Poll: Moet de gemeente de prijzen gelijk trekken?

Ja  
84.3%
Nee  
9%
Geen mening  
6.7%
? aantal stemmen | login en stem ook mee!





regionaal nieuws

Hagelbuien teisterden A7: meerdere aanrijdingen

Hagelbuien teisterden A7: meerdere aanrijdingen