Account
Logo
Zoeken
4.2 °C
De trûbadoers wer op 'n paad

De trûbadoers wer op 'n paad

za 14 januari 2006, 9.11 uur

DRACHTEN - De fjouwer Fryske trûbadoers, Doede Veeman, Gurbe Douwstra, Jaap Louwes en Piter Wilkens sille wer meiinoar op ’n paad. Aanst yn maart binne sy te sjen yn in nije rige konserten yn de provinsje. It wurdt de fjirde kear dat dizze sjongers en lietskriuwers in jûnfoljend lietsjesprogramma bringe sille.

Der binne no foarearst fjouwer optredens pland. It twadde yn de rige, op sneon 11 maart yn de Skâns op ‘e Gerdyk, is yntusken al útferkocht. De oare Trûbadoersjûnen binne op sneon 4 maart yn de Meinardstsjerke yn Minnertsgea, freed 17 maart yn de IJsherberg yn Dokkum en sneon 25 maart yn de Foeke yn Hylpen en foar dy jûnen is de kaartferkeap yntusken úteinset.

Op it stuit wurkje Doede, Jaap, Piter en Gurbe mei faasje oan it nije programma, dêr’t sy mei syn fjouweren ek wer in stikmannich nije lieten foar skriuwe. Boppedat komme de trûbadoers sels mei nije lieten, mar binne der fansels ek bekende ferskes te hearren út it repertoire fan de manlju.

 

Heb je een tip? WhatsApp!
Stuur je bericht, foto of video via:
+31638400733 of via de tiplijn

Meer nieuws




regionaal nieuws

Bouwplannen aan Terpsterwei in Eanjum gaan door

Bouwplannen aan Terpsterwei in Eanjum gaan door

Poll: Wat is de toekomst van Holwerd aan Zee?

Dat project gaat kopje onder  
75.4%
Heel misschien wordt het nog wat....  
3.4%
Ik hoop dat het doorgaat!  
21.1%
? aantal stemmen | login en stem ook mee!




regionaal nieuws

Zorgen leefruimte Gomarus College bij ChristenUnie

Zorgen leefruimte Gomarus College bij ChristenUnie




regionaal nieuws

Dokkumer (60): 'Ik wol myn rydbewiis net wer kwyt....'

Dokkumer (60): 'Ik wol myn rydbewiis net wer kwyt....'