0,3 °C

De trûbadoers wer op 'n paad

za 14 januari 2006 09.11 uur

DRACHTEN -

De fjouwer Fryske trûbadoers, Doede Veeman, Gurbe Douwstra, Jaap Louwes en Piter Wilkens sille wer meiinoar op ’n paad. Aanst yn maart binne sy te sjen yn in nije rige konserten yn de provinsje. It wurdt de fjirde kear dat dizze sjongers en lietskriuwers in jûnfoljend lietsjesprogramma bringe sille.

Der binne no foarearst fjouwer optredens pland. It twadde yn de rige, op sneon 11 maart yn de Skâns op ‘e Gerdyk, is yntusken al útferkocht. De oare Trûbadoersjûnen binne op sneon 4 maart yn de Meinardstsjerke yn Minnertsgea, freed 17 maart yn de IJsherberg yn Dokkum en sneon 25 maart yn de Foeke yn Hylpen en foar dy jûnen is de kaartferkeap yntusken úteinset.

Op it stuit wurkje Doede, Jaap, Piter en Gurbe mei faasje oan it nije programma, dêr’t sy mei syn fjouweren ek wer in stikmannich nije lieten foar skriuwe. Boppedat komme de trûbadoers sels mei nije lieten, mar binne der fansels ek bekende ferskes te hearren út it repertoire fan de manlju.

 

Regionaal nieuws

0,3 °C

2 inbraken

8 inbraken

Nieuwste items
Meest gelezen
 
5 jaar geleden
10 jaar
15 jaar
Vul de sudoku in met de getallen 1 tot en met 9. Zodat in elke lijn de cijfers 1 tot en met 9 één keer voorkomen.

Of speel iets anders op WâldNet Games.