De Mem fan Tutte en Teltsjebeam
DRACHTEN - It Museum Smallingerland oan it Museumplein 2 te Drachten iepene tongersdei in útstalling fan wurk fan de forneamde Fryske skriuwster en tekenares Diet Huber. Op dizze eksposysje is te sjen hoe't de keunstenares fan idee nei idee wurke oan de boekjes fan Boukje en ferskes as Tutte mei de linten.
Boppedat, it docht bliken dat sy fol oerjefte dwaande wie mei in boek dat foarôfgie oan de "Teltsjebeam", mar dat nea ferskynt is. In soad ideeën yn dat boek binne letter op in oare wize útwurke en dochs noch publisearre.
De útstalling war iepene troch har kollega Berber van der Geest. Jant van der Weg-Laverman, foarsitter fan It Fryske Berneboek presentearre de Rymposter fan de Fryske berneboekewike. De poster is makke troch de skriuwster Lida Dijkstra en tekenares Linda de Haan. De eksposysje duorret oant en mei 8 jannewaris 2006.
Heb je een tip? WhatsApp!
Stuur je bericht, foto of video via:
+31638400733 of via de tiplijn