Account
Logo
Zoeken
9.5 °C

Toneel

NIJEGA - Tsjerk Bottema hat de Deenske film Druk oerset yn it Frysk mei de titel Roes. Learkrêften Melle, Tseard, Nanne en Pietsje binne freonen en kollega’s op in middelbere skoalle yn Drachten. Alle fjouwer wrakselje se mei net bot motivearre learlingen en hawwe se it gefoel dat har libben slim ferfeelsum wurden is. Yn it ramt fan in itentsje ta eare fan Nannes fjirtichste jiirdei, komt it petear op psychiater Finn Skårderud, dy’t in teory ûntwikkele hat dy’t der op del komt dat in alkoholgehalte yn it bloed fan 0,05 BAG (alkoholgehalte) der foar soarget dat jo kreativer en tagelyk mear ûntspannen wurde. De fjouwer beslute it eksperimint oan te gean en de teory fan Skårderud te testen. Se stelle in tal regels op: har BAG mei noait leger wêze as 0,05 en se meie net drinke nei acht oere jûns. Yn de koartste kearen fine alle fjouwer sawol har wurk as ha priveelibben folle leuker. Wurde jo ek nijsgjirrich hoe dit ôfrint? kaarten kin besteld wurde fia ús webside.

Waar:Doarpshûs Op 'e Jister
Plaats:Nijega
Datum:07-10-2022
Aanvang:20.00 uur
 

Hotske

Nijega
0620549703