Contact
Account
Logo
Zoeken
Zoeken

FNP Smellingerlân striid foar Frysk

ma 1 maart 2004, 22.43 regionaal

DRACHTEN - Yn it kranteartikel fan de Ljouwerter krante fan
24 febrewaris 2004 hat de FNP fraksje de
opfettings fan W. de Voogd (direkteur fan de
Kristlike Basisskoallen yn Smellingerlân)lêze
kinnen oer it plak fan it Frysk op basisskoallen.

De Voogd stelt dêryn dat learkrêften mear
Nederlânske prate moatte yn de klasse. Hja soene
no wat al te maklik tajaan oan bern dy’t fan hûs
út Frysktalich binne. Neffens de berjochten fine
jo dat hjirmei de efterstân ynhelle wurde kin.

De fraksje fan de FNP Smellingerlân is fan
betinken dat der oplossings socht wurde moatte
dy’t mear rjocht dogge oan de twatalige situaasje
yn ús provinsje yn it algemien en yn ús gemeente
yn it bysûnder.

Dêrom wurd De Voogd troch de FNP fraksje útnoege
om de gearkomste fan It Pedagogysk Wurkferbân yn
Ljouwert te gean. De jûn mei as titel “Hoe no
fierder” wurdt tiisdei 9 maart hâlden yn
Ljouwert. Jo ek belangstelling: Sjoch de Aginda.

 

Heb je een tip? WhatsApp!
Stuur je bericht, foto of video via:
0638400733 of via de tiplijn

Meer nieuws