Account
Logo
Zoeken
7.4 °C
Foto: Geert Huisman

Toanielselskip spilet ‘Bonbons mei in strikje

wo 10 februari 2016, 22.24 uur

NOARDBURGUM - Toanielselskip Noardburgum spilet ‘Bonbons mei in strikje!’

“In minske moat wat om hannen ha… oars betinke se de gekste dingen. Jo kinne dat wol…. Sa giet Esther bygelyks noch sa út en troch mei freondinne Nynke op stap. No hâld Nynke wol fan in grapke en sa bard it dan ek dat der in âlde frijgesel mei grutte plannen by Esther op ‘e stoepe stiet. Mar Esther har man Skelte kin elts momint thúskomme!
Alhoewol, Skelte is oars ek net sa’n brave… ‘Fergaderingen’ dy’t altiid útrinne…. bonbons….mei in strikje…. Húshâldster Lene en túnman Flipse binne tsjûge fan in krisis yn in goed houlik. Mar hun goede bedoelings pakke ferkeard út... Hielendal as mouike Sijke wer ta nij libben kaam is!”

Dit jier spylje wy Toanielselskip Noardburgum, ‘Bonbons mei in strikje!’. In kluchtich blijspul yn trije bedriuwen skreaun troch Ria de Looze-Lafeber en troch R.B. Smeding oerset yn it frysk.
In stik wat rap spile wurdt en dy’t fan healwizigens oan inoar hinget…!
Jim sille jimme de bûsen útskuorre! Dus, hâld de folgjende data frij: 13 en 20 febrewaris
Beide jûnen is der nei ôfrin in ferlotting mei moaie prizen en fansels in moai stikje muzyk fan Siep Grotenhuis! De útfieringen ha plak yn it MFC De Baltsiten yn Noardburgum en sette om 20.00 oere út ein. De seal is iepen om l9.00 oere. It yntreejild is €10,00 .
Foarferkeap op woansdei 10 febrewaris, fan 19:30 – 20:00 oere. Graach oan’t sjen!

FOTONIEUWS


 

Heb je een tip? WhatsApp!
Stuur je bericht, foto of video via:
+31638400733 of via de tiplijn

Meer nieuws




regionaal nieuws

Zorgen leefruimte Gomarus College bij ChristenUnie

Zorgen leefruimte Gomarus College bij ChristenUnie



regionaal nieuws

Vrachtwagen raakt in de berm langs N381

Vrachtwagen raakt in de berm langs N381

regionaal nieuws

Dokkumer (60): 'Ik wol myn rydbewiis net wer kwyt....'

Dokkumer (60): 'Ik wol myn rydbewiis net wer kwyt....'





regionaal nieuws

Onwel geraakte automobilist ramt hekwerk

Onwel geraakte automobilist ramt hekwerk