Account
Logo
Zoeken
6 °C
Foto: Geert Huisman

Kritetoaniel spilet 'In ferSKRIKlik Stik'

wo 18 november 2015, 21.46 uur

BUITENPOST - Op de sneonen 21 en 28 novimber spilet it Kritetoaniel fan Bûtenpost ”In ferSKRIKlik Stik”, in kluchtich blijspul - “Wat in Skrik” - skreaun troch Henk Sloots yn in eigen bewurking fan de Fryske Krite. The Point om 20.00 oere.

Berend Faber is al jierren troud mei Sippy. Ut in eardere ferhâlding hat er in dochter. Hy wit hjir lykwols neat fan ôf. Dy dochter is no nei har heit op syk mei help fan Spoorloos. Dy ha, sûnder dat Berend der erch yn hat, regele, dat Maaike in keamer hiert by Sippy, dy't by harren oan hûs in B&B hat. As Berend dan in brief kriget fan Spoorloos brekt by him de panyk út. Mei help fan freon en kollega Sjoerd besiket er te rêden wat der te rêden falt, mar hy wurket himsels allinnich mar fierder yn' e nêsten ....In prachtich plot foar in noflik jûntsje toaniel.

Mei Marieke Kamminga, Elke Draaijer, Anneke Nieuwenhuis, Klaas Jansma, Iebe Bouma en Andries Hovinga. Regy Jelmar Hoekstra.

Ynfo: fryskekritebutenpost@hotmail.nl

FOTONIEUWS


 

Heb je een tip? WhatsApp!
Stuur je bericht, foto of video via:
+31638400733 of via de tiplijn

Meer nieuws



regionaal nieuws

Vrachtwagen raakt in de berm langs N381

Vrachtwagen raakt in de berm langs N381

regionaal nieuws

Nynke Duijff uit Damwâld winnaar Grut Frysk Diktee

Nynke Duijff uit Damwâld winnaar Grut Frysk Diktee

regionaal nieuws

Dokkumer (60): 'Ik wol myn rydbewiis net wer kwyt....'

Dokkumer (60): 'Ik wol myn rydbewiis net wer kwyt....'



regionaal nieuws

Raad kauwt nog even flink op woningen Houtigehage

Raad kauwt nog even flink op woningen Houtigehage


regionaal nieuws

Sluisfabriek Drachten krijgt meer vrije hand

Sluisfabriek Drachten krijgt meer vrije hand


Poll: Goede keuze of niet?

Ja  
26.4%
Nee  
55%
Maakt me niet uit  
18.6%
? aantal stemmen | login en stem ook mee!